Dit is de dei
Foekje-Fleur Fink
fry | 12-03-2025 | 162 pagina's
9789403769431
Paperback / softback
Bekijk inkijkexemplaar
€ 14,99
Tekst achterflap
It bysûndere fan de fertellingen yn 'Dit is de dei' is dat der mear fertellingen yn ien ferhaal sitte. Je soene it sjen kinne as in ramt yn in ramt. It bûtenste ramt fertelt oer Sara en Simon.
Sy binne op deselde dei berne, in twilling dus. Simon is de jongste, mar wol de grutste. Sara fynt Simon eins mar wat in wiisprater. Hy hat op alle fragen wol in antwurd. Der is ek noch in grutte broer, dy hjit fan Daniël. As Daniël net thús is, neamt Simon Sara ‘myn suske’. Dat makket har poer. “Mar ik bin lekker de âldste fan ús beiden!” ropt se dan.
Sara en Simon belibje – mei harren grutte broer Daniël, heit, mem en pake – ferhalen út it lân fan de Bibel yn de tiid fan Jezus. Dizze Bibelferhalen foarmje in ramt yn de fertellingen fan Sara en Simon. It binne wertellingen út it evangeelje fan Lukas.
Dizze ferhalen kinne foarlêzen wurde op skoalle, yn tsjerke, yn bernenjonkentsjinsten, troch heiten en memmen, pakes en beppes en gean sa mar troch.
En guon bern dy’t it Frysk al aardich yn ‘e macht ha, soene de ferhalen sels al wol lêze kinne.
Details
EAN : | 9789403769431 |
Uitgever : | Mijnbestseller B.V. |
Publicatie datum : | 12-03-2025 |
Uitvoering : | Paperback / softback |
Taal/Talen : | fry |
Hoogte : | 215 mm |
Breedte : | 135 mm |
Dikte : | 15 mm |
Gewicht : | 228 gr |
Status : | POD (Beschikbaar als print-on-demand.) |
Aantal pagina's : | 162 |